Suvelfabryk helpt iisklup

09 jan 2010 - 13:54

De iisklup fan Dronryp hat freed help krigen fan it suvelfabryk fan FrieslandCampina. It fabryk stelde 150.000 liter waarm wetter beskiber.

Mei slangen waard it wetter oer in ôfstân fan 600 meter fan it fabryk nei de iisbaan transportearre. Troch it waarme wetter ûntstie in moaie flakke iisbaan. Ferline jier kaam it fabryk minder posityf yn it nijs nei in ûngemak mei salpetersoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)