Kramer fjirde op 500 meter

Sven Kramer (foto: KNSB)
Sven Kramer is op de 500 meter by it Europeesk kampioenskip fjirde wurden. De trijefâldich Europeesk kampioen ried yn Hamar 36,60. De winst wie foar de Poal Konrad Niedzwiedzki yn 36,07.
Havard Bokko, ien fan de grutste konkurrinten fan Sven Kramer, foel foar syn eigen publyk. Hy komt no troch in blessuere net mear yn aksje. Enrico Fabris einige as fiifde, 0.04 achter Kramer. Ivan Skobrev waard njoggende yn 36,76.