Sybren Jansma op dreef

09 jan 2010 - 13:21

Bobslider Sybren Jansma hat him sneon mei syn piloat Edwin van Calker pleatst foar de Olympyske Spelen yn de twamansbob. By de wrâldbekerwedstriid yn Königssee waarden se sânde, de bêste prestaasje oant no ta dit seizoen. In plak by de earste tsien wie de eask fan sportkoepel NOC*NSF.

Foar Sybren Jansma wie it de earste wedstriid nei in blessuere oan de ljisk. Yn de fjouwermansbob wie in startplak foar Vancouver al earder helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)