Snie fan dak Lidl helle

Tsientallen meiwurkers fan it distribúsjesintrum fan Lidl op It Hearrenfean binne sneon begûn mei it previntyf opromjen fan de snie op it dak fan it grutte kompleks oan de A32.
De meiwurkers fertrouden it net. Der lei al in pak snie op it dak en dit wykein komt der noch mear by. Der binne seis grutte kranen en in bedriuw út Enschede ynhierd om de snie fuort te heljen. De snie wurdt yn konteners dy't oan de kranen hingje fan it dak helle.