NK sprint: Boer 2de op 500 m

09 jan 2010 - 11:52

Annette Gerritsen hat sneon by it NK sprint yn Grins de earste 500 meter wûn. Op de Grinzer iisbaan Kardinge lei Gerritsen de 500 meter ôf yn 39,49 tellen. Margot Boer fan Grou waard twadde yn 39,65, Thijsje Oenema fan De Jouwer waard tredde yn 39,63.

Laurine van Riessen waard fjirde yn 39,95 op mar twa-hûndertste tel achter Oenema. De froulju ride letter op de dei noch de 1000 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)