Buske rekket fan A32

09 jan 2010 - 09:45

Op de A32 by It Hearrenfean is sneontemoarn in buske fan de dyk rekke. Troch de glêdens rekke de auto yn de berm en rekke dêr in beamke. De bestjoerder kaam mei de skrik frij.

Om't earst tocht waard dat de bestjoerder yn it wetter telâne kaam wie, waarden ek de dûkers fan de brânwacht alarmearre, mar dy koene werom nei de kazerne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)