Troelstra moat rehabilitearre

Noardlike PvdA-pommeranten wolle dat Hendrika Brok-Troelstra, de suster fan Pieter Jelles Troelstra, troch it lanlike partijbestjoer rehabilitearre wurdt. Ald-deputearre Sicko Heldoorn, de Fryske PvdA-foarsitter Bertus Mulder en de foarsitters fan de PvdA yn Drinte en Grinslân freegje dat yn in brief oan it lanlike PvdA-bestjoer.
Frou Troelstra waard yn 1936 royearre troch de SDAP, de foarrinner fan de PvdA. Se wie posityf oer it kommunisme nei in besite oan de Sovjet Uny.