Keamerfragen oer sâltwinning

08 jan 2010 - 17:03

It CDA yn de Twadde Keamer wol fan minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken witte wêrom't se it bedriuw Frisia Sâlt tastimming jout om 100.000 ton ekstra ûndergrûns sâlt by Frjentsjer te winnen. Keamerlid Joop Atsma sil de minister dêr takom wike oer befreegje. Hy slút him oan by de krityk fan deputearre Sjoerd Galema dy't tsjin de nije sâltwinning is.

De beswiermakkers binne benaud dat de grûn mear sakje sil nei ekstra winning. Der is in soad krityk op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)