Popov bedrige troch scout

08 jan 2010 - 15:15

Tsjin in 59-jierrige scout fan SC Hearrenfean is in boete fan 1500 euro easke, wêrfan 500 op betingst. De fertochte soe yn jannewaris ferline jier de Hearrenfeanspiler Goran Popov mei in sms-ke bedrige ha. De fuotballer waard twongen 50.000 euro mei te nimmen nei Turkije dêr't er mei it nasjonale alvetal fan Masedoanië spylje moast.

Popov die oanjefte by de plysje. De fertochte komt sels ek út Masedoanië lykas Popov.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)