Mear krityk op sâltwinning

It sâlt rekket op
De GrienLinks steatefraksje hat by de provinsje beswier makke tsjin de ekstra sâltwinning troch Frisia-sâlt yn Harns. It risiko dat de grûn fersakket is te grut. Minister Van der Hoeven hat tastimming jûn om mear sâlt te winnen fanwege de krapte oan pikel.
Wetterskip Fryslân is ek op de ekstra sâltwinning tsjin, mar de grûndelgong kin opfongen wurde troch de wetterstân dêrop oan te passen. Dat is ûnderdiel fan in nij plan foar it gebiet dêr't it wetterskip oan wurket.