Oss-Cambuur net ferkocht

08 jan 2010 - 13:06

Der is gjin bewiis fûn dat de fuotbalwedstriid FC Oss-Cambuur ferkocht is. Yn novimber makke KNVB-direkteur Henk Kesler bekend dat twa wedstriden út de earste divyzje mooglik ferkocht binne oan in Sineesk goksyndikaat.

De wedstriid tusken FC Oss en Cambuur fan 13 novimber, dy't einige yn 5-4 foar de Ljouwerters, soe ien fan dy wedstriden wêze. It Europeesk fuotbalbûn UEFA hat ûndersyk dien, mar der is gjin bewiis fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)