'Klear foar min winterwaar'

De helptsjinsten yn Fryslân binne klear foar it winterwaar dat dit wykein ferwachte wurdt. Sniefal yn kombinaasje mei in hurde wyn kinne soargje foar problemen, sa is de ferwachting. It is ek de fraach oft oeral wol genôch sâlt struid wurde kin.
Mochten der grutte problemen driigje dan komme de helptsjinsten byelkoar foar oerlis oer maatregels.