Coöp Eanjum bêste supermerk

08 jan 2010 - 12:34

De Coöp yn Eanjum is de bêste supermerk fan Fryslân. Dat hat brânzje-organisaasje CBL bekendmakke. Neffens it Sintraal Buro foar de Levensmiddelenhandel wie de winkel de bêste fan fiif Fryske supermerken dy't foar de twajierlikse priis nominearre wienen. De Coöp giet no op foar de lanlike finale, ein maart yn Utrecht.

De Eanjumer supermerk hie ûnferwachts besite krigen fan in busfol mei in klantesjuery, in faksjuery, en in sjuery fan de CBL sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)