Gratama makket it Frysk Diktee

Rients Gratama
De Fryske kabaretier en akteur Rients Gratama makket it Grut Frysk Diktee fan dit jier. Gratama sil de dielnimmers oan it finalediktee op woansdei 9 maaie útdaagje om op har iepenst te wêzen foar tûkelteammen en ûnferwachte ynstjonkers.
Leafhawwers fan it diktee kinne in finaleplak ôftwinge troch mei te dwaan oan it kwalifikaasjediktee. Je kinne meidwaan troch korrizjearre kwalifikaasjediktee te mailen nei fryskdiktee@fryske-akademy.nl. Je kinne it kwalifikaasjediktee ûnder oare fine op www.omropfryslan.nl.
It diktee is stavere neffens de regels foar de Fryske stavering. As flaters wurde rekkene: staveringsflaters, ferkeard of net brûken fan keppelstreekjes, aksinten, apostroffen, trema's, haadletters en punten yn ôfkoartings, al of net oaninoar skriuwen, ferkearde meartallen. Yn ien wurd kin net mear as ien flater sitte. Komma's telle net mei. De útslach fan de sjuery is binend.
Wat moatte jo dwaan om kâns te meitsjen op in finaleplak by it diktee? Kopiearje it kwalifikaasjediktee en plak it yn in tekstferwurkerbestân. Jou de flaters dúdlik oan (fet, ûnderstreke, skeanprinte of mei de funksje 'markearstift'). Slach de tekst op mei de namme diktee2012. Stjoer it foar 22 april as taheakke by in e-postberjocht op nei: fryskdiktee@fryske-akademy.nl. Ferjit net om jo namme, adres en telefoannûmer yn it e-postberjocht te setten. Meidoggers dy't pleatst wurde krije dêr berjocht oer.
En dan no it kwalifikaasjediktee:
1. Yn 1964 wie fakânsje noch in wike yn in simmerhúske op it Amelân of in reiske nei Appelsgea, mei in besite oan de bernebuorkerij, boarterstún of in kuijertocht oer de keale dunen.
2. Anno 2012 fleane wy der opút, oer de lânsgrinsen hinne, Dútsklân en België en Lúksenboarch foarby, nei bestimmingen oan de Middelânske See, Stille Súd-See of Noardlike IIssee.
3. poatsje baaie en soutekoopje yn de Deadesee, op hiënasafary yn Kenya of pingwinsjitte op de Súd-Poal. Foar elk bisar idee of oare útwrytske ynjowing stiet yn de reisgidsen wol in aranzjement.
4. De jongerein is fan Skylge ferbolle en siket no ûntwyk yn it Kretinser stedtsje Cherso, dêr't it bier like lekker smakket en de musyk like lûd oanstiet as op it Waadeilan thús.
5. Kultuer en rêstsikers preferrearje it oare Grikenlân en harkje ljeaver nei de boezoekyklang op in Grykse Jûn, loarkjend út in romerfol readewyn, pjukkend yn oaliven mei feta, wylst kreaze Griken en Gryksken de sirtaki dûnsje as wie it de Skotse Trije.
6. Troch de Euro's rôlje te litten, wurkje beide soarten fan fakânsjehâlders mei oan it yn stân hâlden fan de ekonomy fan it tehaistere lân, en se binne bliid dat se net mei Drachmen hoege te beteljen, want dat skeelt nei sa'n jûn, as men wat slingerig is, in soad gerekken.