NK ûnwis foar 'Kazakken'

Arjan Stroetinga (foto: Martin de Jong)
Reedriders Arjan Stroetinga fan Waskemar en Jorrit Bergsma fan Aldeboarn moatte bewize dat se net de Kazakske nasjonaliteit hawwe. Dat is nedich om diel te nimmen oan it Nederlânsk kampioenskip.
Stroetinga en Bergsma besochten earder om as Kazak in startbewiis te bemachtigjen foar de Olympyske Spelen. Dat is net slagge, mar reedrydbûn KNSB wol no bewiis hawwe dat se gjin Kazaksk paspoart hawwe.