Fermiste man terjochte
In 43-jierrige Ljouwerter dy't sûnt moandeitemoarn fermist waard, is wer terjochte. De man wennet oan de Gealannen yn Ljouwert en wie sûnt moandei net mear sjoen. De plysje rôp minsken op om nei de man út te sjen.
Syn famylje hat ûnderwilens kontakt hân mei de man. De plysje sil noch yn petear mei de man sels en syn famylje om te hearren wat der krekt te rêden wie.