Provinsje lilk oer ekstra sâlt

Deputearre Steaten binne it net iens mei de tastimming fan minister Van der Hoeven foar it winnen fan 100.000 ton ekstra sâlt by Frisia yn Harns. It provinsjebestjoer fynt dat der sprake is fan in gelegenheidsargumint. Mear sâltwinning soarget boppedat foar ekstra grûndelgong by Harns.
De minister seit dat it ekstra sâlt nedich is om de glêde diken te struien. Neffens Deputearre Galema hie Rykswettersteat mear sâlt op foarried hawwe moatten.