Maatregels gefaarlike oergong

07 jan 2010 - 22:09

De provinsje komt as it nedich is mei maatregels foar de spoarweioergong yn Bûtenpost. Dat hat deputearre Adema tasein oan boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen. Dy hie dêrom frêge neidat woansdeitejûn foar de tredde kear yn koarte tiid in auto fêst kaam te sitten yn it spoar.

De bestjoerder kaam mei de skrik frij, mar foar pleatslik belang en de gemeente is de maat no wol fol.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)