Q-koarts geiten Een-West

07 jan 2010 - 19:47

De geiten fan it bedriuw fan Jacco Fokkema yn it Drintse doarp Een-West hawwe Q-koarts. Dat is tongersdei offisjeel bekend makke. Fokkema hat 450 geiten. Dy sille op koarte termyn romme wurde.

Een-West leit flakby de Fryske grins. Dit betsjut in gruttere kâns op in besmetting yn Fryslân, omdat de Q-koarts baktearje him fia de omjouwing ferspriede kin

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)