Frisia mei ekstra sâlt winne
Minister Maria van der Hoeven fan ekonomyske saken hat Frisia Sâlt yn Harns tastimming jûn om 100.000 ton ekstra sâlt út de boaiem by Frjentsjer te heljen. Dat hat de minister tongersdei skreaun yn in brief oan de Twadde Keamer. Van der Hoeven hat dit dien op fersyk fan Rykswettersteat. Dat hat te krijen mei tekoarten oan struisâlt.
Neffens de minister sil de boaiem mei maksimaal fiif milimeter sakje troch de ekstra sâltwinning.