Ympuls foar dressuersport

© Omrop Fryslân
It is yn Fryslân net bêst steld mei it nivo fan de dressuersport. In inisjatyf fan twa hynsteleafhawwers bringt dêr mooglik feroaring yn. Se organisearje in klinyk foar dressuerruters dy't no noch op amateurnivo ride, mar graach omheech wolle.
Foar 350 euro krije de kursisten les fan in top-dressuerruter en wurdt de sithâlding troch in ekspert beoardiele. Tongersdei wie yn hynstesintrum Vierhuys de earste les.