Sân C1000-winkels derby

07 jan 2010 - 16:41

Fryslân krijt der sân C1000 supermerken by. It giet om winkels fan Super de Boer dy't troch nije eigner Jumbo ferkocht wurde oan C1000-eigner Schuitema. It binne trije winkels yn Ljouwert en supermerken yn Snits, Damwâld, Gytsjerk en De Gordyk.

Lanlik geane tachtich fan de trijehûndert Super de Boer winkels nei C1000. De oare Super de Boer winkels wurde Jumbo supermerken of trochferkocht. Dat wurdt letter bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)