Lûd JSF noch ris besjoen

07 jan 2010 - 16:13

It ûndersyk nei de lûdsoerlêst fan de JSF wurdt nochris kritysk tsjin it ljocht hâlden. Dat hat it ministearje fan Definsje tasein oan de kommisje lûdshinder fan de fleanbasis Ljouwert. Ut it earste ûndersyk fan it Nasjonaal Luchtvaartynstitút docht bliken dat it wol ta falt mei de lûdsoerlêst fan de Joint Strike Fighter.

Omwenners fan de fleanbasis yn Ljouwert binne benaud dat de sifers yn it rapport net doge en dat it fleantúch mear leven makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)