Ungelok op Ofslútdyk

Gaos op de Ofslútdyk (foto: Jaring Rispens)
Ferkear dat oer de Ofslútdyk de kant fan Noard-Hollân út rydt, hat hinder fan in swier ûngelok dat dêr tongersdeitemiddei bard is. By de botsing binne meardere auto's en in frachtwein belutsen. Op de dyk lizze ek briketblokken foar de iepen hurd.
In persoan dy't oer de dyk rûn, is skept troch in auto en dêrby swier ferwûne rekke. Ferkear kin allinnich oer de flechtstripe ride.