Mear miljeu-edukaasje

07 jan 2010 - 15:48

Achtkarspelen wol mear ynvestearje yn de miljeu-edukaasje. Minsken en jild wurde frijmakke om û.o. lesprojekten foar skoallen te meitsjen. It probleem is dat der fan alles is en dien wurdt op it mêd fan natuer, miljeu en duorsumens, mar it is te hap snap.

De gemeente wol yn gearwurking mei natuer- en oare organisaasjes mear struktuer oanbringe yn wat der no is. Fierders is it doel lesmetoaden en projekten te meitsjen dy't skoallen en oare groepen minsken brûke kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)