Ynbraak by tankstasjon

It tankstasjon yn Drachten (foto: Marijke vd Hoek)
De plysje hat tongersdei in man út Gouda (22) oanholden foar in ynbraak yn in tankstasjon oan de Eems yn Drachten. De plysje krige om fiif oere hinne melding fan de ynbraak. In meiwurker fan in befeiligingsbedriuw hie de ynbraak ûntdutsen. Ien fan de tagongsdoarren fan de tankshop wie fernield en der misten sigaretten.
De plysje fûn spoaren yn de snie. Op de Tjonger waard in auto oantroffen mei dêryn ynbrekkersark en sigaretten. De man by de auto gedroech him frjemd.