Twa nije leden Vangrail

De Fryske band Vangrail hat twa nije bandleden. Gitarist Hilbert_Kuipers nimt it plak yn fan Jasper Kuipers. Jens Tanger ferfangt Ronald_de_Boer. Beide manlju spilen hjirfoar yn coverbands.
Ronald_de_Boer hat keazen foar in nije karriêre as sjauffeur, wylst Jasper_Kuipers mear tiid frijmeitsje wol foar syn wurk en syn sosjale libben. Dit jier komt der in nij album út fan Vangrail.