Brêge dupe fan farferbod

It fernijen fan de Skarsterbrêge yn dat doarp, moat útsteld wurde. De brêge soe takom wike in nij dek krije, mar dat wurdt letter. It nije brêgedek kin allinnich per skip oanlevere wurde. En omdat der op dit stuit in farferbod jildt, is it no net mooglik om it dek nei Skarsterbrêge te ferfieren.
Sa gau mooglik nei it opheffen fan it farferbod wurdt it brêgedek teplak brocht en ynstallearre.