Nije bondel Tsjêbbe Hettinga

07 jan 2010 - 10:38

De Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga hat de Gedichtendagbundel 2010 skreaun. De bondel mei de namme 'Oan leech en stêd, Niks foarby' ferskynt yn it ramt fan Gedichtendag yn Nederlân en Flaanderen op 28 jannewaris. Dy dei is in inisjatyf fan it Nederlânske Poetry International en de Flaamske Stichting Lezen.

De gedichtebondel fan Hettinga bestiet út twa lange gedichten, sawol yn it Frysk as it Hollânsk. De dichter Benno Barnard hat foar de oersetting soarge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)