Fjochterij yn supermerk

07 jan 2010 - 10:30

In 36-jierrige ynwenner fan Ljouwert is woansdei yn in supermerk oan de Tijnjedyk yn syn wenplak oanholden foar mishanneling. De plysje krige in melding dat der in fjochtpartij wie yn de winkel. Doe't de plysje dêr oankaam, wie de fertochte al fuort.

In 25-jierrige Ljouwerter wie ferwûne rekke by de fjochtpartij. Hy moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De fertochte melde him eefkes letter by it buro. Dêr is er fêstset foar ferhoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)