Waadrintochten folboekt

It waad op 1 jannewaris (foto: Annie Landman)
De waadrintochten foar dit wykein binne folboekt. It waadrinsintrum Fryslân en it waadrinsintrum Pieterburen hawwe foar dit wykein winterske kuiertochten organisearre. Yn in pear oeren tiid wiene dy tochten folslein folboekt. De tochten geane oer de besnijde kwelders en beferzen sânplaten.
In tocht oer it beferzen waad is hiel unyk om't it wetter yn de waadsee pas by min 4 befriest.