Koperdief oanholden

07 jan 2010 - 09:49

De plysje hat woansdei in 32-jierrige Ljouwerter oanholden foar stellerij fan koper op it terrein fan in leechsteand fabryk oan de Snekertrekweg yn Ljouwert.

Wurknimmers fan in sloopbedriuw hiene trije manlju sjoen dy't koper stielen. De Ljouwerter koe pakt wurde, de oare twa binne útnaaid op 'e fyts.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)