Brân wenbuorkerij yn Boalsert

07 jan 2010 - 09:35

In brân yn in wenbuorkerij yn Boalsert hat tongersdei foar flink wat skea oan de wenning soarge. Om healve njoggenen waard in skoarstienbrân meld. It fjoer sloech oer nei it reiden tek fan de pleats. Wat krekt de oarsaak is fan it ûnstean fan de brân is noch net dúdlik. De wenkeamer en de sliepkeamers op de boppeferdjipping hawwe reek- en wetterskea oprûn.

Brânwachtkorpsen fan Boalsert en Parregea rukten út om it fjoer te blussen. Net ien rekke ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)