Plom fan Van der Laan

Minister Van der Laan fan wenjen, wiken en yntegraasje
De provinsje en de gemeenten pakke de krimp yn Fryslân goed oan. Dat sei minister Van der Laan van Wonen, Wijken en Integratie woansdei yn Bûtenpost. It leechrinnen fan it plattelân is net te kearen, mar troch in goeie oanpak kinne de feroarings ek positive gefolgen hawwe foar de regio.
As de gemeenten en de provinsje mar gearwurkje en as der goeie besluten nommen wurde oer wêr't wol en wêr't net mear huzen boud wurde moatte.