Haglund komt nei Hearrenfean

06 jan 2010 - 22:11

"It komt wol goed, Philip Haglund komt nei Hearrenfean." Dat seit Hearrenfean-direkteur Yme Kuiper oer de mooglike komst fan de Sweedske middenfjilder. Dy komst is noch hieltyd net wis, omdat de ûnderhânnelings mei de klup fan Haglund dreech ferrinne.

Kuiper sei op de nijjiersresepsje dat Haglund syn klup, Brommapojkarna, in twaddeklasser yn Sweden, bang is om fouten te meitsjen en dat it mooglik dêrtroch sa lang duorret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)