2009: Mear geweld tsjin plysje

It tal gefallen fan geweld tsjin plysjeminsken is ferline jier bot tanommen. Yn 2008 barde it noch minder as hûndert kear, mar yn 2009 wiene der al mear as 130 ynsidinten. De plysje makket him dêr grutte soargen oer, sa waard woansdei dúdlik by de presintaasje fan de jierlikse kriminaliteitssifers.
It geweld tsjin plysjeminsken beheint him net allinnich ta de strjitte; ek yn de plysjeburo's giet it geregeld mis.