Struisâlt Wymbrits hast op

06 jan 2010 - 16:56

Hieltyd mear Fryske gemeenten reitsje yn de problemen, omdat it sâlt oprekket. Sâltfabryk Frisia yn Harns kin woansdei foar it earst net mear alle bestellingen hielendal leverje. In wurdfierder seit dat der noch ûngefear 80 persint levere wurdt fan wat gemeenten freegje.

De gemeente Wymbritseradiel fynt dat boargers sels mear yn aksje komme moatte, no't allinnich de allerbelangrykste diken noch struid wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)