Ingelsten nei Noarwegen

Patrik Ingelsten
Patrik Ingelsten ferlit de Sportklup Hearrenfean. De Sweedske oanfaller is ôfreizge nei Noarwegen om dêr medysk keurd te wurden. As ek de lêste details glêdstrutsen binne, tekenet Ingelsten foar fjouwer jier by Viking FK. De beide klups wiene der ein desimber al út.
Patrik Ingelsten kaam ferline winter nei It Hearrenfean. Yn achttjin kompetysjewedstriden makke hy twa doelpunten.