Trein botst op geiten

De trein nei Grins botste op in keppel geiten
De trein tusken Ljouwert en Grins hat woansdeitemiddei in healoerke fertraging hân troch in botsing mei in keppel geiten. Dy wienen twa kilometer eastlik fan it stasjon fan Camminghabuorren op it spoar kommen.
In ûnbekend tal geiten hat de botsing net oerlibbe. Yn ferbân mei de Q-koarts hat de Algemiene Ynspeksjetsjinst de kadavers romme. De botsing fan de trein mei de geiten wie om even foar ienen.