Wer tsjinslach Kenny Steppe

Kenny Steppe
Kenny Steppe, de Belgyske doelman fan de Sportklup Hearrenfean, moat wer ûnder it mes. Begjin augustus waard de keeper holpen oan syn hân. In brutsen bonkje waard doe mei in skroef fêstset.
Omdat it lichem te min kalk oanmakket, wol de breuk mar net betterje. Der sil no in stikje fan in bonkje út it lichem yn de hân set wurde. Dat bart kommende moandei yn Antwerpen. Steppe sil no wer acht oant tsien wike oan 'e kant stean.