Eksploazje Harns:tsjûgen socht

06 jan 2010 - 13:33

De plysje siket tsjûgen fan in eksploazje âldjiersnacht oan board fan in jacht yn Harns. De jacht fan goed 15 meter lei dy nacht yn de Noorderhaven doe't foarbygongers seagen dat it wetter makke. De warskôge plysje en brânwacht troffen in skuor oan fan 22 sentimeter.

Hoe't dy skuor krekt ûntstien is, is in riedsel. Om't der fierder ek in soad skea is giet de plysje út fan in swier stik fjoerwurk dat tsjin de boat eksplodeard is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)