Boeren ha skea fan suvelfúzje

06 jan 2010 - 13:29

Boeren fan Friesland Foods binne beneidiele nei de fúzje mei Campina. Ut in rekonstruksje fan 'e fúzje fan it Financieel Dagblad docht bliken dat de boeren folle mear oerhâlde kinne hienen. As Friesland Foods ferkocht wie, hie it bedriuw ien miljard euro oplevere. De oansletten boeren hienen dan tusken de 500 en 900 miljoen ferdiele kinnen, folle mear as de 300 miljoen dy't se no krigen, seit it FD.

Friesland Campina seit dat de fúzje transparant ferrûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)