Soad fraach nei bodyscanner

06 jan 2010 - 12:46

De bodyscanner is in hot item. En dat fernimt it Ljouwerter bedriuw ODsecurity, leveransier fan dy bodyscanner. Sûnt de mislearre oanslach fan twadde krystdei hat de tillefoan net stilstien.

ODsecurity krijt fragen út de hiele wrâld oer hoe't de bodyscanner wurket en hoe gau er levere wurde kin. It apparaat kin sjen oft passazjiers wat yn har liif ferbergje. De grutte fraach fan no is in ommeswaai.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)