Haglund wol nei SC Hearrenfean

Philip Haglund
De Sweed Philip Haglund is it iens wurden mei de Sportklup Hearrenfean oer in kontrakt fan 4,5 jier. De 22-jierrige middenfjilder kin noch net ôfreizgje nei it trainingskamp fan syn nije klup yn Turkije omdat de beide klups der noch net útbinne.
De ûnderhannelings tusken Hearrenfean en IF Brommapojkarna út Stockholm ferrinne stroef. De 1.89 meter lange Haglund kin ek yn it sintrum fan de ferdediging út 'e fuotten.