Trein botst mei skip

© Omrop Fryslân
De trein fan Ljouwert nei Swolle is tiisdeitejûn tsjin de boechspriet fan in sylskip botst. It ûngelok barde by de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert. It skip lei te wachtsjen foar de brêge, mar lei te fier nei foaren. Dêrtroch stuts de boechspriet oer it spoar.
Troch de klap rekke de boechspriet skansearre en hie de trein in dûk fan 30 by 30 sentimeter. Der rekke nimmen ferwûne. It treinferkear hat in heal oere stillein.