Ghoochannejhad nei Cambuur

06 jan 2010 - 11:10

Reza Ghoochannejhad wurdt foar de twadde helte fan it seizoen de nije oanfaller by SC Cambuur. De fuotballer, berne yn Iran, tekenet in kontrakt foar 2,5 jier by de Ljouwerters.

De 22-jierrige Ghoochannejhad komt oer fan Go Ahead Eagles. Hy wennet yn Ljouwert en begûn lang lyn by de fuotbalskoalle fan Cambuur. Dêrnei spile hy jierrenlang yn de jeugd fan Sportklup Hearrenfean. Doe waard er ferhierd oan Emmen en Go Ahead Eagles.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)