Drugshanneler op lanlike list

René Pouw
Op in list dy't de plysje tiisdeitejûn presintearre fan de lanlik meast sochte kriminelen stiet ek René Pouw (33). Yn 2005 waard Pouw troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardield ta fiif jier selstraf foar it hanneljen yn drugs. Under oare yn Fryslân en Noard-Hollân.
Yn 2006 kaam Pouw net werom fan wykeinferlof. Hy is nea fûn wylst er noch trije jier sitte moat. De plysje hopet tips te krijen oer it ferbliuwplak fan Pouw.