Tsjûgen sonken jacht socht

De KLPD siket tsjûgen fan in sonken jacht yn Harns
De wetterplysje fan de KLPD yn Harns siket tsjûgen dy't mear fertelle kinne oer it syljacht dat yn de âldjiersnacht yn de haven fan Harns foar in part sonken is. It skip lei yn de Noarderhaven yn Harns. Ut in earste ûndersyk is dúdlik wurden dat der in eksploazje west ha moat. In tal spanten is brutsen en der sit in grutte skuor yn de romp.
Omwenners hawwe wol twa lûde knallen heard, mar ûndúdlik is wat dat west hat.