Aksje tsjin Q-koartsbelied

05 jan 2010 - 20:09

In studinte fan de Hegere Hotelskoalle fan Ljouwert hat al mear as 10.000 hantekenings sammele tsjin it Q-koarts belied. Viola Poelert sette flak foar de kryst in ynternetpetysje op tsjin it romjen fan sûne geiten en skiep.

Minsken út hiel Nederlân hawwe de petysje al ûndertekene en der steane sels reaksjes út Frankryk en Perû op de webside. De hantekenings wurde meikoarten oanbean oan in delegaasje fan de Twadde Keamer. Yn Fryslân is noch gjin Q-koarts fêststeld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)