Warskôging foar glêdens

05 jan 2010 - 17:31

It is tiisdei op de neimiddei sjippeglêd op de diken rûnom yn de provinsje. De plysje warskôget minsken dêrfoar. De meldkeamer hat it smoardrok mei alle meldingen dy't dêroer binnen komme.

It giet om fytsers dy't fallen binne of oanridingen mei auto's. Foar safier bekend is der ien persoan nei it sikehûs rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)